Nederlandse tekst:
Zangeres Grytsje Kingma uit Sintjohannesga schrijft en zingt haar eigen Friese liedjes en treedt daarmee op in Friesland en soms daarbuiten. Haar zang begeleidt ze meestal op gitaar, afgewisseld met begeleidingsbanden (met onder andere piano,gitaar, viool, fluiten). Soms gebruikt ze teksten van anderen, en ook wel bekende melodieën. Ze verzorgt graag een Friese middag of avond voor een vereniging, dorpshuis, familiefeest of zorgcentrum, en verleent ook af en toe medewerking aan kerkdiensten. Haar liedjes zijn altijd in het Fries. Af en toe kan er meegezongen worden, in een sfeer van nostalgie en verbinding. Of er wordt op verzoek een gelegenheidslied gemaakt voor een jubileum, afscheid of andere bijzondere gebeurtenis.
Een optreden van Grytsje Kingma is altijd uniek!
Friese muziek die het hart raakt.
Sjongeres Grytsje Kingma út Sint Jânsgea skriuwt en sjongt har eigen Fryske lieten en treedt dermei op yn Fryslân en somtiden dêrbûten. Se begeliedt har sang meastentiids op gitaar ôfwiksele mei begeliedingsbannen (mei ûnder oare piano, gitaar, fioele en fluiten). Inkeld brûkt se ris lietteksten fan oaren, of besteande meldijen. Nostalgysk, gefoelich en bytiden mei in knypeach.
In optreden fan Grytsje Kingma is altyd unyk!
Fryske muzyk, dy't it hert rekket!
Grytsje Kingma út Sint Jânsgea sjongt al har hiele libben, mar is sûnt 2009 as solosjongeres aktyf. Dêrfoar song se yn ferskillende koaren en sjonggroepen, of as sjongeres by in band en yn in muzyktrio. Ek liet en lit se as diriginte ferskate koaren sjonge. De Fryske taal hat se fan hûs út meikrige en in liettekstekursus by Tresoar yn 2008 wie krekt it setsje dat se nedich hie om de Fryske poadia op te sykjen. Yn 2010 ferskynde har earste cd, de cd 'Wjerlûd' en it jier dêrop wie it al tiid foar in twadde, de cd 'Wytfear'. Beide cd's binne yntusken folslein útferkocht. Se luts in soad op mei dichter en oersetter Atze Bosch fan it Hearrenfean. Oant syn ferstjerren yn 2011 hiene se hast deistich kontakt oer gedichten, oersettingen en lietteksten. De tredde cd 'Sjong in nij liet' is dan ek in muzikaal earbetoan oan Atze Bosch. Op dizze skiif steane kristlike lieten dy't allegearre troch Atze Bosch oerset binne en dy't troch Grytsje en muzikanten Wil van Eekeren, Jan Bartlema, Lars Mulder en Lammert van der Leij op nije wize útfierd binne.
Ek is fan har hân ferskynd de bondel 'Tûzen dagen', mei goed 50 lietteksten en gedichten. Njonken de optredens as Fryske trûbadoer jout Grytsje lieding oan it koar 'Zingen voor je leven Heerenveen'. Op fersyk jout se workshops 'Stemexpressie'. Ek jout se lessen 'Klinken en Zingen' fia Caleidoscoop yn it ramt fan 'Meedoen Heerenveen'. Sjonge en muzyk rinne as in reade tried troch har libben. Grytsje is troud mei Jelle en se hawwe tegearre trije bern, trije oantroude bern en fjouwer bernsbern.
De Fryske taal leit har nei oan it hert en de rykdom fan it Frysk bringt se yn har teksten en suvere sang ta utering.
Doarp fan doe (Dorp van vroeger)
’k Lit jim graach ris sjen
wêr’t ik wenne as bern
yn in doarpke yn Fryslân
by de see, op ’e klaai.
Dêr ha ’k praten leard,
yn dat plakje fan neat,
dêr socht ik yn it libben myn wei.
Op it âlde skoalplein
binne hiel wat stappen lein
tichteby de fûgels en de greide.
’t Wie in oare tiid,
mar it makket my bliid,
’k nim dat byld yn myn hert altyd mei.
Moarns betiid op ’e dyk
hearden wy al muzyk:
want dêr fluite de molkboer,
dy kaam doe noch oan ’e doar;
’t lêste nijs brocht er ek,
eefkes prate by ’t stek,
elk tocht doe sa goed om elkoar.
Ek al wie der fertriet,
’t libben song syn eigen liet,
yn ús wrâld wie inkeld plak
foar fleur en boartsjen.
Koene wy dat sa sjen?
Och, wy wiene ommers bern,
’k nim dat byld yn myn hert altyd mei.
Mar no hjoeddedei
fyn ik net mear de kaai
nei it libben fan doe,
sûnder soargen of noed.
Alles moat hjoed sa fluch,
it ferfljocht yn in sucht,
wat wie it dan eartiids dochs goed.
’k Fyn dy sfear fan doe net mear,
dat docht my fan binnen sear,
om te sjen hoe’t alles sa feroare.
Yn dat doarp op ’e klaai
naam de tiid alles mei,
is dat byld yn myn hert dan ek wei?
Kom ik dêr werom,
sykje ik der wol om
mar ik fyn net it doarpke,
dêr’t ik boarte as bern
Want dy tiid is foarby,
it docht jim grif gjin nij
dat âlde gie ommers ferlern.
Der is neat dat my bynt,
want it is sa lang ferlyn,
sels de huzen en de strjitten lykje lytser.
Mar myn bernewrâld
sit foargoed yn myn ûnthâld,
’k nim dat byld yn myn hert altyd mei.
Grytsje Kingma
Stil gebed
Soms is ’t krekt as kinst net fierder,
fielst dy wurch, ferslein, ferlern,
wurdt de lêst dy hieltyd swierder,
woest wol skûlje as in bern.
Bisto yn dy striid allinne,
fjochtest mei dysels it meast.
As der swierrichheden binne,
wêr fynsto dan help en treast?
Bisto wurch en út ’e liken
fan gewraksel om ’e nocht,
docht it elke kear wer bliken
dat gjin mins dyn pine sjocht,
dan meist yn dat lijen witte:
alle soargen, noed en lêst
kinsto earne achter litte -
yn gebed fynst wol wer rêst.
Sykj’ in plak, stil en ferlitten
en doch dêr dyn hannen gear,
bliuw dêr mar wat rêstich sitten
en do fielst gjin wurgens mear.
Yn dyn hert bisto ferromme,
’t wurdt wer ljochter lang om let.
En wer nije krêften komme -
inkeld troch sa’n stil gebed.
Grytsje Kingma
Wêrst ek bist (Waar je ook bent)
Wêrst ek bist, wêrst ek giest,
withoefier, asto mar witst,
datsto by my bist,
datsto yn myn wêzen sitst.
Elke dei rinsto mei,
want do bist mei my op wei,
altyd giesto mei,
yn myn hert bist noait by my wei.
Ek al fiel ik my soms skjin ynein,
do giest mei it hiele ein…
Wêr’t ik rin, wêr’t ik gean,
ek as ’k hast net fierder kin,
oeral wêr’t ik bin,
silsto altyd neist my stean.
Grytsje Kingma
Vanaf 2 september tot en met 16 december: 'Klinken en Zingen', een uur heerlijk zingen en je stem ontdekken, bij Caleidoscoop, Weegbree 72, Heerenveen. Steeds op maandagmorgen, van 10.30 - 11.30 uur. Aanmelding en informatie via het e-mailadres van Grytsje of via Caleidoscoop Heerenveen: 0513 - 629090. In het kader van 'Meedoen Heerenveen'.
Optredens:
1 novimber: Opname by Noardewyn live, in sololiet en wat lieten mei it koar 'Zingen voor je leven Heerenveen', te sjen by omrop Fryslân op 2 novimber
2 novimber: Burgum, Berchhiem, Fryske middei
4 novimber: Sjonge mei bûtenlânske froulju, Pop-up yn it Hearrenfean
7 novimber:
It Hearrenfean, It Skûtsje, KBO-PCOB, Fryske middei
16 novimber:
It Hearrenfean, Sikehûs De Tjongerschans, sjonge mei it koar 'Zingen voor je leven Heerenveen'
17 novimber:
Himmelum, Nicolaastsjerke, 19.30 oere, Sjongtsjinst
19 novimber:
Ljouwert, Podiumschool, gearkomste fan wurkers yn de onkologyske soarch. In toanielstik, ôfsletten mei sang fan Grytsje
23 novimber:
It Hearrenfean, Sportstad, sjonge op 4 mominten by de 'Toekomstmarkt', te witten 11:00, 11:45, 12:30 en 13:30 oere en wa wit komt der wol in spontaan meisjongmomint tuskentroch. Sjoch foar mear ynfo en it folsleine programma op de website:
https://www.samenscorenvoorgezondheid.nl/pagina/3192969/toekomstmarkt/
13 desimber:
Stiens, Vrouwen van Nu, Krystmiddei
2025:
15 maart:
Ljouwert, Kuriostsjerke, Jiergearkomste KFFB, tegearre mei Johan Veenstra
Fanôf 2009 stiet Grytsje as Fryske trûbadoer op de planken. De poadia binne hiel ferskillend, fan Fryske kriten om utens oant frouljusferienings, fan âldereinhuzen oant tsjerketsjinsten, fan songfestival Liet oant boekpresintaasjes, om mar ris wat te neamen. Hjirûnder stiet in wiidweider opsomming.
Se slút graach oan by wat der spilet en jout sa in unike toansetting by in feest of oar barren. Dus se makket in spesjale tekst foar in jubileumliet, of in liet oer in boek dat presintearre wurdt. By tsjerketsjinsten wurdt der altyd gearwurke mei de foargonger of tariedingsgroep, sadat it tema fan de tsjinst moai út 'e ferve komt. Inkeld is it ek wolris oarsom, dan wurdt it tema fan in tsjinst ûntliend oan lietteksten dy't Grytsje oandraacht.
Koartsein, yn oerlis is der altyd in unyk en passend programma gear te stallen.
Ek hat Grytsje optredens jûn tegearre mei oaren, bygelyks fioelist Rob Faltin, pianist Lars Mulder en multi-ynstrumentalist Wil van Eekeren. En se hat ferskate optredens dien mei ferhaleferteller Johan Veenstra, wat ek in bysûnder kombinaasje is fan Fryske muzyk en Stellingwarver verhaelen. Op fersyk is dizze kombinaasje noch hieltyd mooglik, en ek Wil kin as it sa útkomt yn it programma ynpast wurde.
Grytsje hat bygelyks optreden by:
Fryske kriten om utens yn Haarlim, Leiderdorp, Assen, Sleen, Swol, Utrecht.
Fryske kriten yn Fryslân yn Trynwâlden, it Hearrenfean, Burgum.
PCOB of KBO, âldereinbûn te Boalsert, it Hearrenfean, De Jouwer, Snits.
Soos, âldereinkommisjes, yn û.o. Sint Jânsgea, Aldehaske, Wytmarsum, Burgum, Terkaple.
Zonnebloem-middeis, 'Dag van de ouderen', soarchsintra lykas Martenahiem yn Tsjom, ferpleechhuzen Bloemkamp en Ielânen.
Jierdeisfeesten of houliksjubilea rûnom yn Fryslân.
Tsjochkonserten en Tsjongjûnen (organisearre troch de feriening Tsjoch).
't Nut Joure, 't Nut Burgum.
De Rinkelbom yn it Hearrenfean.
Omrop Fryslân, by it programma Noardewyn live (yn 2014, 2015, 2018, 2019, 2021 en 2023)
Radio Spannenburg.
Jiergearkomsten KFFB yn Ljouwert (2013, 2023).
Krúspuntdagen (2012, 2017 en 2023).
Meiwurking oan tsjinsten wiene der ûnder oare yn:
Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjelbeam, Hantumhuzen, Hegebeintum.
PKN Aldskoat, Easterein, Broek, Burgum, Himmelum, Jobbegea/Skuorregea.
NGK It Hearrenfean.